Barend Blankert
Barend Blankert (Kampen, 1941) is in byldzjend keunstner. Hy wie learaar oan de Vredeman de Vries Akademy, Ljouwert (1966-1972) en de Akademy Minerva, Grins (1971-1992).
Biografy
Blankert waard berne en grutbrocht yn Kampen. Yn 1948 ferhuze de húshâlding nei Snits, dêr't syn heit rektor fan it gymnasium waard. Fan 1954 oant 1957, hold er jierren yn Schiedam ta, en fan 1957 oant 1960 wie er wer werom yn Snits. Nei it heljen fan it HBS-b Steatseksamen studearre er fan 1960 oant 1963 oan de Ryksnormaalskoalle foar de Oplieding ta Tekenleararen yn Amsterdam.
Nei ôfrûning fan syn stúdzje begûn er yn 1963 in skoaljier as tekenleraar oan it lyseum yn Den Helder. Fan 1966 oant 1969 wie er tekenlearaar oan de Lânbouhúshâldskoalle op De Gordyk, en fan 1967 oant 1972 oan it gymnasium yn Snits. Fan 1966 oant 1972 wie hy ek dosint oan de Vredeman de Vries Akademy yn Ljouwert en fan 1970 oant 1992 dosint oan de Akademy Minerva yn Grins.
Njonken it ûnderwizerwêzen lei Blankert him ta op it skilderjen. yn 1963 waard er nominearre foar de Talenspriis en hy wûn fjouwer kear in Brûnzen medalje Europa-priis foar skilderkeunst fan de stêd Oostende yn 1969, 1971, 1973 en 1976. Yn 1999 ûntfong er de Smelik & Stokking-priis en yn 2006 de Sacha Tanja Pinning.
Blankerts technyk is tekenjen, grafyk en skilderjen. Hy brûkt ferskillende materialen. Eksposearre yn binnen- en bûtenlân, ûnder oare yn it Steedlik Museum yn Amsterdam. Syn figuerstikken en stillibbens binne meastentiids skildere yn mânske formaten. Se falle op troch harren wat mankelike, ferfjemdzjende sfear dy't de beskôger oan it tinken sette moat. Blankert is wolris in neisiet fan de magysk realisten - en benammen fan Carel Willink - neamd.
Wurk fan him waard oankocht troch de gemeentes Ljouwert en Amstelveen, partikulieren en ferskate museums. Underwerpen en keunstrjochting binne lânskippen, stoffearre mei skaaldieren en 19e-iuwske arsjitektuer, stuollen en oare meubels yn nij figurative en magyske trant.
Oare prizen
- Beurs BKVB (1989-1991)
- Smelik & Stokking-priis (1999)
- Sacha Tanja Penning (2006)
- J.K. Egberts-publykspriis 2015
Publikaasjes
- Bosmans, Juub. Barend Blankert, Koosje van Keulen, Carel van Eeden. Fries Museum, 1975.
- Blankert, Barend. Voor eeuwig bevroren, 1975-1998 : Barend Blankert, 1941. s.n., 1999.
- Blankert, Barend. Barend Blankert, meester van de melancholie : schilderijen. Waanders, 2002.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|