Springe nei ynhâld

Missoery (rivier)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mai 2020 om 03.34 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Missoery mei sydrivieren

De Missoery is in sydrivier fan de Mississippy, mar is wol de langste rivier fan Noard-Amearika mei syn 4370 km. De rivier joech har namme oan de steat Missoery.

De Missoery ûntspringt yn de Rocky Mountains en wurdt foarme troch it gearrinnen fan de Jefferson, de Gallatin en de Madison.

De Missoery rint dan fierder mei wetterfallen en streamfersnellings troch de Big Belt en Little Belt Mountains (Great Falls). Op de heechflkate fan Montana streamt de rivier nei it easten. Dêr nimt er it wetter op fan tal fan sydrivieren dy't fan rjochts komme. Ien fan de meast wichtige dêrfan is de Yellowstone.

De rivier sleept in soad slyk mei, dêrom wurdt er ek wol Big Muddy neamd.

Yn Saint Louis komme de Mississippy en de Missoery byelkoar. It gebiet fan de Missoery fernimt de gefolgen fan de skrokkige kontreien dêr't er troch streamt. De rivier wurdt fral fuorre troch it raanwetter út de Rocky Mountains en de ferdamping yn it streamgebiet is fierderop beskiedend foar de wetterstân.

Plannen om de stream te behearskjen, om wetterkrêftsintrales te bouwen en ek om de dellingen te bewetterjen binne part fan it Missouri Valley Authority Project. De Fort Peck-daam yn Montana wie de earste daam dy't klear wie. Neitiid kaam it Garrison Reservoir en noch in daam boppe de stêd Pierre (Súd Dakota).

Der is net folle skipfeartferkear op de Missoery. Allinne it part dat nei gearrin mei de Niobrara is befarber. De rivier is sadwaande fan mear belang foar yrrigaasje en de wetterreserves.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Missouri River fan Wikimedia Commons.