Springe nei ynhâld

Eufoanium

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mai 2020 om 00.45 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eufoanium
Twa eufoaniums, Besson 700 en Willson.

In eufoanium of tenoartuba is in koperblaasynstrumint dat famylje fan de bassen is. De euphonium stamt ek ôf fan de bastuba. De bariton (of baritontuba) is in lyksoartich ynstrumint, mar stamt ôf fan de hoarn. Ornaris is de eufoanium grutter as de bariton. Hast alle hjoeddeiske eufoaniums binne útfierd mei drukfentilen, hoewol't modellen mei draaifentilen noch wol bestean. De eufoanium hat trije of fjouwer fentilen, de bariton meast trije al binne der ek mei fjouwer.

De toan is te fergelykjen mei in baritonsjonger. De namme eufoanium komt oarspronklik fan it Grykske wurd euphonos, yn de betsjutting fan "moaihearrend": eu (sprek út 'ui' of 'eu') betsjut "moai" of "goed" en phonè betsjut "klank" of "lûd".

De eufoanium stiet stimd yn bes en hat in wat swierdere klank as de bariton. Meastentiids hat de eufoanium fjouwer fentilen, trije gewoane oan de boppekant dêr't deselde noaten mei spile wurde kinne as op sawat elk oar koperblaasynstrumint. De measte eufoaniums ha lykwols in fjirde fentyl oan de sydkant om it ôfstimmen fan beskate noaten better te krijen. It al of net hawwen fan in fjirde fentyl is gjin kritearium foar it ûnderskie tusken eufoanium en bariton.

Yn in brassband spylje twa eufoaniums, in solo-eufoanium en in twadde eufoanium. De eufoanium spilet in wichtige partij en moat gauris solistyske stikken spylje, mar kin likegoed as begeliedend ynstrumint ynset wurde. De grutte sjarme fan de eufoanium is syn sêfte klank en hy hat as foardiel dat er troch it fjirde fentyl in oktaaf leger spylje kin, mar ek hiel maklik de hege noaten rekket.

Ferskil mei de bariton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eufoanium, dy't ôfstamt fan de bastuba en de barion dy't ôfstamt fan de hoarn lykje in soad op inoar mar binne dochs oars kwa klank en funksje. It ferskil sit him yn de foarm fan it ynstrumint: de eufoanium is koanysk boud, de klankbeker ferwidet. De bariton dêrfoaroer is silindrysk boud. De stimbuis fan de eufoanium past der troch syn ferbreedzjende foarm mar fan ien rjochting ien wylst dy fan de bariton der yn beide rjochtings ynstutsen wurde kin.

Ien dy 't op in eufoanium spilet wurdt in eufoaniumspiler neamd. In bekende Fryske eufoaniumspiler is Syde van der Ploeg.