Springe nei ynhâld

Swiebertje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 mai 2020 om 14.50 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Joop Doderer as Swiebertje

Swiebertje is in rige berneboeken dy't fan 1936 ôf skreaun binne troch John H. uit den Bogaard. Haadfiguer is de swalker Swiebertje. Swiebertje waard fral bekend troch de populêre Nederlânske telefyzjerige yn de sechtiger en sântiger jierren. Joop Doderer hie de rol fan Swiebertje, in omrinner dy't it hieltyd wer oan de stôk kriget mei fjildwachter Bromsnor. Swiebertje makket oanienwei wurk fan juffer Saartje ("Een kopjen kofjen, nou lekker Saar...."), de tsjinstfaam fan de boargemaster (Riek Schagen). Yn 1968 kaam it personaazje Nuvere Pyt (Malle Pietje), spile troch Piet Ekel, foar fêst in searje.

Swiebertje waard fan 20 april 1955 oant 25 april 1975 op telefyzje útstjoerd. De searje einige mei it ferfarren fan "Swieb" nei Kanada.

De maatskiplike ferhâldings yn de rige binne foaroarlochs, tige hiërargysk, noch tsjin it feodale oan. It spilet him ôf op it plattelân dêr't in baron, mei in boargemaster it foar it sizzen hat.

Yn totaal binne der 103 ôfleverings makke. De útstjoerings yn kleur (1973 -1975) binne troch de NCRV op dvd útbrocht.

  • Yn 2001 waard Swiebertje keazen as bêste telefyzjeprogramma fan de ôfrûne 50 jier.
  • Joop Doderer hat de rol fan Swiebertje sa lang spile, dat men it tsjintwurdich oer it Swiebertje-effekt hat at it publyk in akteur lykslacht mei ién beskate rol.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]