Springe nei ynhâld

Weddellsee

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 apr 2020 om 21.02 troch Drewes (oerlis | bydragen) (opmaak oars)

Berjocht:See

Weddellsee
It Oaljefanteilân oan de westrâne fan de see, gravuere út Voyage au pôle sud et dans l'Océanie (de ekspedysje fan Dumont d'Urville)

De Weddellsee is in diel fan de Súdlike Oseaan en wurdt begrinzge troch it Antarktysk Skiereilân en de kusten fan Coatslân. It grutste part fan de see is iis, ûnder oaren de Filchner-Ronne iisskosk. De hiele see is part fan de Argentynske kleem op Antarktika, mar leit ek foar in part yn de Sileenske en Britske kleems. De see hat in oerflak fan 2,8 miljoen km² en is ferneamd om syn tige heldere wetter.

De see is neamd nei de Britske seeman James Weddell dy't de see as earste befarde yn 1823, en oan op 74° suderbreedte kaam. De see waard letter wiidweidiger ferkend troch de Skot William Bruce fan 1902 oant 1904. It wie ek yn de Weddellsee dat Ernest Shackleton syn skip, HMS Endurance yn it iis fêstrekke en fynknypt waard.

Der wurdt oannaam dat it brekken fan Gondwana it begjin wie fan it ûntstean fan de Weddellsee.

Keppeling om utens