Springe nei ynhâld

Synopsis

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 jan 2020 om 12.23 troch F.P.Staversma (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Synopsis komt út it Gryksk en betsjut letterlik "tegearre sjen". It giet om in oersichtlike werjefte of gearfetting fan de ynhâld fan in keunstwurk of in boek (do kinst fuort yn ien eachopslach de ynhâld sjen).

Meastentiids wurdt "synopsis" brûkt as it giet om de evangeeljes fan Matteus, Markus en Lukas yn it Nije Testamint fan de Bibel. As men dizze trije njonken inoar leit, dan falt fuortendaliks op dat sy parten oerien hawwe. Dêrom wurde dy trije evangeeljes wol synoptyske evangeeljes neamd en harren skriuwers de synoptisy.

Yn in synopsis, dêr't hieltyd op ien side de trije evangeeljes fan Matteus, Markus en Lukas njonken inoar ôfprinte stean, binne de oerienkomsten en ferskillen tusken de teksten fan de trije skriuwers oersichtlik werjûn. Dat makket de bestudearring derfan in stik makliker. De oerienkomsten fan dy boeken hawwe laat ta in ûntsteansteory, dy't it synoptysk fraachstik neamd wurdt.

In stikmannich gelearden hawwe beweard dat Markus as earste syn evangeelje skreaun hat en dat Matteus en Lukas dêr gebrûk fan makke hawwe by it skriuwen fan harren eigen evangeeljes. Dêrnjonken moatte Matteus en Lukas de beskikking hân hawwe oer in tredde boarne dy't lykwols ferlern gien is en dêr't Markus gjin gebrûk fan makke hat. Dy ferlern giene boarne wurdt oantsjutten as boarne Q (fan it Dútske wurd Quelle). Yn dy boarne soenen benammen útspraken fan Jezus Kristus stien hawwe.

Synopsis wurdt ek brûkt yn de klassike Grykske skilderkeunst. In synopsis is dan in ôfbylding dêr't ferskate mominten út in selde ferhaal werjûn wurde. It liket dan wol wat op in soarte stripferhaal mar sadwaande dat alles gearraant ta ien ôfsûnderlike ôfbylding. Dy synoptyske metoade waard benammen tapast troch romtegebrek op fazen en potten.