Springe nei ynhâld

Leafhawwerij

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jan 2020 om 21.22 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Dy lju doge foar gjin meter)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Skipsmodel

In leafhawwerij of hobby is in tiidferdriuw dat mei in beskate hertstocht en faak mei in grutte ynset fan tiid en middels dien wurdt - net foar it jild, mar earder út belangstelling en om de wille. Yn ingere sin wurdt it beheind ta aktiviteiten dy't net ta de sport of kultuer rekkene wurde.

Minsken kinne feardich wurde yn harren leafhawwerij en der in soad oer oan de weet komme, mar it doel bliuwt de eigen belangstelling te befredigjen. Dochs binne der ek guon dy't fan harren leafhawwerij harren wurk makke hawwe. Fansels kin wat foar de ien in leafhawwerij is foar in oar it wurk wêze. In kompjûterprogrammeur soe itensiede as leafhawwerij hawwe kinne, wylst in kok faaks as leafhawwerij kompûterprogramma's skriuwt.

Aktiviteiten dêr't hast net ien jild mei fertsjinje kin, wurde hast altiten as leafhawwerij dien, lykas postsegels garje. Yn oare fjilden, lykas astronomy of entomology, binne der al minsken dy't der foar betelle wurde, mar wurdt troch oaren út leafhawwerij ek in grut part fan it wurk dien.

In leafhawwerij kin ûntspannend wêze, meidat minsken mei gâns wat oars dwaande binne as harren wurk. Mar foar guon kin it in ferslaving of in obsesje wurde. Bygelyks, der binne minsken dy't hast al harren frije tiid stekke yn it skriuwen fan in Wikipedy.

Dieren
Bijehâlden - Hûnefokjen - Hûsdieren hâlden.
Modellen
Poppehûzen - Modelbou - Bestjoerbere modellen.
Garjen
Postsegels garjen - Hantekeningjeien - Fossylsykjen.
Bûtendoar
Túnkjen - Draakjefleanen - GPS-sykjen
Observaasje
Fûgelwacht - Treinjeien - Fotografy