Graham Greene (skriuwer)
Henry Graham Greene (Berkhamsted (Hertfordshire), 2 oktober 1904 – Vevey (Switserlân), 3 april 1991) wie in Ingelsk auteur en agint foar de Britske ynljochtingetsjinst SIS.
Libben
Greene wie in soan fan skoaldirekteur Charles Henry Greene en fan Marion Raymond Greene (neef en nicht), beide út in famylje fan bankiers en sakelju, eigner fan Greene King brouwery.
Op de middelbere skoalle waard er bot narre, rekke depressyf en besocht in tal kearen der in ein oan te meitsjen. Yn 1920, hie wie doe 16 jier, waard er foar psycho-analyse nei Londen stjoerd. Dat hat seis moannen duorre. Hy studearre fierder oan it Balliol College oan de Universiteit fan Oxford. Syn earste wurk, in dichtbondel, waard publisearre yn 1925. Nei syn ôfstudearjen, bekearde er him ta it katolisisme, wie in skoft troud en waard sjoernalist en ûnder oaren ek filmkritikus
Syn skriuwstyl wie modern-realistysk, en hawwe faak personaazjes dy't oan harren sels twifelje, faak ek oer religieuze en morele saken en politike kanten fan it moderne libben.
Greenes boeken waarden yn it earstoan ferdield yn thrillers en mystearjes dy't as "ferdivedaasje" bestipele waarden, mar dy't faak ek in filosofyske kant hienen, en de heech literêre boeken lykas The Power and the Glory dy't syn namme as skriuwer klank joegen. Letter die bliken dat dy earste kategory benei likefolle wearde hie as syn literêre skriuwerij; beide kanten waarden yn syn lettere boeken mei súkses byelkoarbrocht. Foarbylden dêrfan binne The Human Factor, The Comedians, Our Man in Havana en The Quiet American.
Wurk
Romans
- The Man Within 1929
- The Name of Action 1930
- Rumour at Nightfall 1932
- Stamboul Train 1932
- It's a Battlefield 1934
- England Made Me 1935
- A Gun for Sale 1936 (yn 1942 ferfilme as This Gun For Hire)
- Brighton Rock 1938
- The Confidential Agent 1939
- The Power and the Glory 1940
- The Ministry of Fear 1943
- The Heart of the Matter 1948
- The Third Man 1949 (foar in film fan Carol Reed)
- The End of the Affair 1951
- Loser Takes All 1955
- The Quiet American 1955
- Our Man in Havana 1958
- A Burnt-Out Case 1961
- The Comedians 1966
- Travels with My Aunt 1969
- The Honorary Consul 1973
- The Human Factor 1978
- Doctor Fischer of Geneva 1980
- Monsignor Quixote 1982
- The Tenth man 1985(skreaun 1944)
- The Captain and the Enemy 1988
Koarte ferhalen
- Twenty-one Stories 1954 (21 ferhalen)
- A Sense of Reality 1963 (7 ferhalen)
- May We Borrow Your Husband? 1967 (12 ferhalen)
- The Last Word and Other Stories 1990 (12 ferhalen)
Poëzy
- Babbling April 1925
Drama
- The Living Room 1953
- The Potting Shed 1957
- The Complaisant Lover 1959
Autobiografy
- A Sort of Life 1971
- Ways of Escape 1980
- Rat's Nest 1984 (autobiografy) (Nederlânsk: 'De Rattenvanger en het Buidelratje)
- A World of My Own 1992 (droomdagboek, postuum)
Reisboeken
- Journey Without Maps 1936
- The Lawless Roads 1939
- In Search of a Character: Two African Journals 1961
Biografy
- Norman Sherry, The life of Graham Greene dl 1 1904-1939 (ISBN 0-224-02654-2), dl 2 1939-1955 (ISBN 0-224-02772-7), dl 3 1955-1991 (ISBN 0-670-03142-9); Mortmain, 1974–2004