Springe nei ynhâld

Sir

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 nov 2019 om 22.05 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Sir (útspr.: [sʌ:(ɹ)] of [sœ:(ɹ)], likernôch: "seur" of "suh") is yn lannen fan it Britske Gemienebêst (mar fral yn it Feriene Keninkryk sels) in predikaat dat foar de foarnamme pleatst wurdt om oan te jaan dat in man riddere is troch Britske monarch. It froulike ekwifalint is dame (útspr.: [de:m], likernôch: "deem"). It gebrûk fan dizze predikaten is strikt fêstlein yn wetten en gewoanten.

Yn 'e Ingelske sprektaal wurdt sir fierders ek brûkt as oansprektitel foar lykfol hokker man, ferlykber mei meneer yn it Nederlânsk (yn it Frysk ûntbrekt fan oarsprong in ekwifalint, mar wurdt no ek wol "menear" brûkt; it ultime fatsoen lit men yn it Frysk lykwols blike troch de oare inkeld mei de efternamme oan te sprekken). Yn dizze foarm is it froulike ekwifalint fan sir itsij madam (útspr.: ['mædəm], itsij, benammen yn it Amerikaansk-Ingelsk, ma'am (útspr.: [mæə̯m]).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.