Johannes Bosboom
Johannes Bosboom (De Haach, 18 febrewaris 1817 – dêre, 14 septimber 1891) wie in Nederlânske skilder en akwarellist, dy ferneamd wie fanwege syn tsjerke-ynterieurs.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bosboom krige ûnderrjocht fan Bart van Hove en Wijnand Nuijen. Tusken 1831 en 1835 besocht er de akademy yn De Haach en fannijs fan 1839 oant 1840.
Yn 1835 reizge er troch Dútslân en besocht Keulen en Koblenz, tegearre mei Salomon Leonardus Verveer. Yn 1837 die er Antwerpen oan om yn 1838 fierder te gean nei Frankryk, dêr't er Rouen en Parys oandie, no beselskippe fan Cornelis Kruseman.
Op 3 april 1851 troude er mei de skriuwster Anna Louisa Geertruida Bosboom-Toussaint.
Bosboom wie lid fan de Pulchri Studio, it Genoatskip ‘Arti Sacrum’ (Rotterdam) en de Hollandsche Teekenmaatschappij (De Haach). Hy wie learaar fan Maria Bilders van Bosse en Willem Frederik de Haas (1830-1880). Hy waard neifolge troch Jos Laurenty en hie ynfloed op Johan Paul Constantinus Grolman. Hy waard yn 1856 ridder yn de Leopoldsoarder.
Bosboom wie in foarrinner fan de Haachske Skoalle. Bosboom pykte derút troch syn wize fan ferwurkjen fan it ympresjonistyske ljocht yn syn ynterieurs; it makke dat er ta de meast wichtige Europeeske skilders yn dat sjênre rekkene wurde kin.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Gezicht te Koblenz, 1835; poatlead en akwarel
-
Gezicht op de Parijse kade en de hoofdkerk te Rouaan, 1839; oaljeferve op doek, Ryksmuseum
-
De Pieterskerk in Leiden, 1855; oaljeferve op paniel, Museum Boijmans Van Beuningen
-
Ruïne van Kasteel de Haar, 1858; poatleadtekening, kolleksje fan Kastiel de Haar
-
Landschap met een kanaal, 1873, oaljeferve op paniel
-
Het strand te Scheveningen, 1873; kryt, akwarel en gouache, Ryksmuseum Amsterdam
-
Markt van Gouda, 1880; oaljeferve
-
Interieur van de Hooglandse Kerk te Leiden, jier ûnbekend; oaljeferve op paniel
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- C. Cuijpers, 'Het album Holland-Krakatau (1883). Artistieke liefdadigheid en exotische inspiratie', De Negentiende Eeuw 29 (2005) 4, s. 219-240
- T. Figee, 'Johannes Bosboom. Schilder van licht, schaduw en sepia -bruine kerkinterieurs', Kunstbeeld 23 (1999), s. 42-45
- A. Hoogenboom, De stand des kunstenaars. De positie van kunstschilders in Nederland in de eerste helft van de negentiende eeuw, Leien 1993, s. 117, 157, 210
- R. Volz en P. van der Pol, Bosboom en Breda. Inventarisatie en achtergronden van de werken van Johannes Bosboom met Bredase onderwerpen, Jaarboek der Geschied- en Oudheidkundige Kring van Stad en Land van Breda "De Oranjeboom" dl. 54 (2001), s. 224-255
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Literatuer
- Johannes Bosboom, 18 Februari 1817 - 14 September 1891 : in memoriam / troch P. A. M. Boele van Hensbroek
Amsterdam : Elsevier, 1891
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|