FeRstival
FeRstival is in foardrachtswedstriid fan besteande Fryske poëzij foar middelbere skoallen. Doel fan it FeRstival is om jongerein yn 'e kunde te bringen mei hjoeddeiske Fryske poëzij.
It waard eartiids 'Foardrachtskriich' neamd. De wedstriid waard yn 2010 foar de 68e kear hâlden. Yn it earstoan waard der sûnder mikrofoan foardroegen en wie de leeftiid om diel te nimmen op 15 jier steld. Begjin fan de sechstiger jierren hat der efkes in diskusje west oft in famke wol yn in lange broek op it poadium stean mocht.
By gelegenheid fan de 60ste edysje yn 2002 waard der as feroaring foar ien kear in publykssjuery ynsteld om in publykspriis ta te kennen. By gelegenheid fan de 65ste edysje fan it FeRstival is it boek 'Poëzij op 'e planken' útbrocht. Gearstaller is Tsjerk Veenstra fan Burgum. De trije kategoryen waarden doe ek yndield yn Starters: earste klassers (12 en 13 jier), Trochsetters: twadde en tredde klassers (14 en 15 jier) en Toppers: fjirde klassers, MBÛ en HBÛ (16 jier en âlder).
Waard eartiids organisearre troch de Provinsjale Underwiisried fan Fryslân yn Drachten. No't it Taalsintrum Frysk fan CEDIN it docht wurdt it ek op oare plakken hâlden. Der binne trije kategoryen: 14 jier/15-16 jier en 17 jier en âlder. Nei in seleksje folget in finale mei 40 dielnimmers. De prizen besteane út Fryske boeken en foar de skoallen in wikselbeker. Foar FeRstival makken Ype Poortinga en Durkje Rienks Wallinga har fertsjinstlik.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|