Snoqualmie Pass
Snoqualmie Pass is in berchpas fan Interstate 90 yn it Cascades berchtme yn de Amerikaanske steat Washington. De pas leit op in hichte fan 921 m en leit op de grins fan Kittitas County en King County. Snoqualmie is de grutste fan 3 berchpassen yn Washington dy jierrûn iepen binne dy't east-west rinne troch de Cascades. Dy oare passen binne Stevens Pass (U.S. 2) en White Pass (U.S. 12). De Interstate 90 is de wichtichste east- west ferbining yn Washington, wêrby trochsneeds 27.087 reauwen deis de pas oer komme. Snoqualmie Pass en it doarp Snoqualmie Pass binne neamd nei de Snokwalmy yndianen dy eartiids yn de bewesten lizzende Snoqualmie Delling wennen.
Waar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It waar kin tige feroarlik wêze as jin hegerop de Cascades yn giet. In soarte fan mikro-klimaat komt men trochhinne. It wetterdelfal kin ynienen tige grut wêze en kin suver dreech wêze om te riden. It trochsneed jierlikse delfal is 2500 mm en sniefal is trochsneeds yn it jier 10 m. 170 dagen yn it jier is sprake fan delfal.
Rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om it plak hinne binne ferskate fekânsjewentes foar bygelyks guon ynwenners fan de Seattle stêdekloft hawwe tydlik in fekânsjehûs en guon binne der jierrûn. Dat tal wurdt rûsd op 150. Wintersport is it foarnaamste, mar ek jierrûn bûtendoar aktiviteiten binne populêr.
De Pacific Crest Trail krúset oer Snoqualmie Pass hinne, mar ek in tal oare kuiertochten binne beskikber foar kuierjen en klimmen yn de simmermoannen en skyrinne en snierinne yn de wintermoannen.
De Summit at Snoqualmie bestiet út 4 skygebieten: Alpental, West Summit, Central Summit en East Summit (foarhinne Hyak). De Summit at Snoqualmie is it tichtste by foar skyers út Seattle.
Sniemobylje is mooglik justjes beëasten de pas yn de wintermoannen. Ek parapentes en seilfleanen wurde dien yn hjerstmoannen oer it Keechelus Mar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yndianen makken al gebrûk fan de pas en letter ek jeiers en hannelers fan de Hudsonbaai Kompanjy. Yn 1841 waard de pas by namme neamd troch A.C.Anderson, wa't fee oer de pas dreaun hat en neame it 'Sinahomish Pass'. [1] George McClellan en syn luitenant Abiel W. Tinkham ûntdutsen de pas yn 1853 en 1854. Hja moasten in geskiktere oergong sykje foar it spoar, as Naches Pass, wêr it 'Naches Paad' oer de Cascades kruse. Nei't it Washington Territorium himsels fan it Oregon Territorium ôfskieden hat, woe men yn Washington in bettere east-west ferbining ha Hja setten útein út it easten wei en berikken de Yakima Pass. Tinkham gie fierder en folge de rivier de Cedar nei it westen ta. McClellan beslet net oer Snoqualmie Pass te gean neffens ûngeunstige berjochten fan de yndianen. [2] Yn 1856 luts majoor J.H.H. Van Bokkelen fan de Washington Territorium Frijwilligers Milysje oer de pas hinne yn it ramt fan in ferkennings missy. Yn 1858 luts in groep hynderriders oer de pas rjochting de minen yn de eastlike Cascades. Yn 1865 gie in groepke ynwenners fan Seatlle, wêrûnder Arthur A. Denny op ferkenning út lâns de rivier de Cedar nei Snoqualmie Pass en Naches Pass en ûntdutsen dat Snoqualmie in bettere oergong wie as it paad fan de yndianen oer Yakima Pass. Yn 1867 waard in toldyk boud dy bedoeld wie foar weinen, mar de dyk wie eins allinne te riden mei hynder of mei feedriuwen. [3] Yn 1909 hie it Chicago, Milwaukee en St. Paul Spoar in spoarwei en ûnder de top de 3½ km lange Snoqualmie Tunnel reemakke. Ek yn dat jier is in ferbettere weinpaad oer de pas sljochte. Yn 1915 waard de Sunset Highway oer de pas iepene en yn 1927 waard de dyk offisjeel U.S. Highway 10. Fanôf 1931 waard de dyk skjin en frij fan snie holden. Yn 1933 waard it earste alpine skygebiet iepene. In jier letter waard de dyk ferhurde. Yn 1969 wie Interstate 90 dien makke. Sûnt 1991 is it Mountains to Sound Greenway projekt úteinset dy't it gebiet om Interstate 90 yn de Cascades beskermje en grien hâlde moat. [4]
Boarnen, noaten en referinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ Fred Beckey (2000). Cascade Alpine Guide: Climbing and high routes: Columbia to Stevens Pass (3rd Edition)
- ↑ Fred Beckey (2000). Cascade Alpine Guide: Climbing and high routes: Columbia to Stevens Pass (3rd Edition)
- ↑ Fred Beckey (2000). Cascade Alpine Guide: Climbing and high routes: Columbia to Stevens Pass (3rd Edition)
- ↑ Washington State Department of Transportation:[http:/www.wsdot.wa.gov/Projects/I90/SnoqualmiePassEast/History/htm]