Springe nei ynhâld

Keechelus-mar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keechelus Mar)
Loftfoto fan Keechelus Mar nei it suden sjoen
De Keechelus-mar sjoen rjochting Hyak en Alpental

De Keechelus-mar (Ingelsk: Keechelus Lake) is in natuerlike en boezemmar yn it Cascadesberchtme yn de Amerikaanske steat Washington. It is de boarne fan de rivier de Yakima. De Keechelus-mar is it meast westlike en grutste fan trije marren by Interstate 90 lâns, benoarden de rivier de Yakima, wêrby't de oare beide de Cle Elum-mar en de Kachess-mar binne. Interstate 90 rint justjes eastlik fan Snoqualmie Pass by de eastigge fan de mar lâns.

De Keechelus-mar is part fan it Columbia River Basin, it bekken fan de rivier de Kolumbia, om't de mar de boarne fan de rivier de Yakima is, dat wer in sydrivier fan de Kolumbia is.

De mar is ornearre as in opslachboezem foar it Yakima Project, in yrrigaasjeprojekt dat beheard wurdt troch de United States Bureau of Reclamation. It wetterpeil en de útfier wurde regele troch de Keechelus-daam, in keardaam. Dy is yn 1917 boud fan ierde en is 39 m heech. De mar befettet 195.000.000 m³ wetter. De mar is 6,8 km lang en is 1,6 km breed en leit op in hichte fan 767 m.

De namme Keechelus betsjut yn in Yndiaanske taal 'bytsje fisk', yn tsjinstelling ta de namme fan 'e Kachess-mar, dy't 'mear fisk' betsjut.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]