Springe nei ynhâld

Koeromgong

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 aug 2019 om 16.10 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Mei it griis kleurde diel wurdt de koeromgong oantsjut

In koeromgong, koerommegong of in déambulatoarium yn in tsjerke is it oerdekte diel om it koer fan de tsjerke hinne. De omgong is allinne yn grutte tsjerken oanwêzich en ferlingt de sydskippen. As de tsjerke krúsfoarmich is wurde it sydskip en de omgong troch it transept fan inoar skieden. Oan de bûtenkant fan de omgong lizze kapellen. As de kapellen oan inoar riigje dan is der sprake fan in kapellenkrâns. Nei binnen ta grinzget de ommegong oan it koer, dêr't it alter stiet, meastentiids wurdt de omgong troch bygelyks hekken tusken de pylders fan dat diel fan de tsjerke skieden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: