Fokker F.VIII
Fokker F.VIII | |
---|---|
Rol | Pazzajiersfleantúch |
Makker | Fokker |
Untwerper | Reinhold Platz |
Earste flecht | 12 maart 1927 |
Yn tsjinst | Juny 1927 by de KLM |
Ut tsjinst | |
Farianten | 1 Finske F.VIII mei in Wasp-motor |
Tal makke | 11 (fan 1927 - ?) |
Grutste brûkers | KLM, Malert (Hongarije) |
De Fokker F.VIII wie in troch Fokker boud fleantúch út de jierren tweintich fan de 20e iuw. De F.VIII wie in ûntwerp fan Reinhold Platz.
It wie in twa-motorrige heechdekker mei twablêdige propeller. De F.VIII hie de ferneamde houten Fokkerfleugels. De kabine wie fan in metalen freem beklaaid mei kanvas en hie in kapasiteit fan 15 passazjiers.
De F.VIII syn oarspronklik ûntwerp hie trije motors lykas de F.VII. De middenmotor waard by de bou dochs weilitten meidat Fokker fan betinken wie dat fleantúchmotors wilens betrouber genôch wiene om ien ferfalle te litten en der sadwaande minder lêst fan lûd, benzinedampen en trillings yn de kabine wie. Boppedat ûntstie der sa romte foar ekstra bagaazje yn de noas, dat de F.VIII krige in opklapbere foarkant.
KLM hie Anthony Fokker frege om in grutter fleantúch foar har Jeropeeske rûtes. KLM bestelde totaal 7 F.VIII's dy't brûkt waarden oant yn de jierren tritich doe't se oerstallich waarden.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- bemanning: 2
- lingte: 16,8 m
- spanwiidte: 23,0 m
- hichte: 4,2 m
- passazjiers: 15 (maks. 16)
- gewicht leech: 3350 kg
- fleugeloerflak: 82 m²
- maks. startgewicht: 5.800 kg
- motors: 2× Bristol Jupiter IV (480 hk) of Gnome-Rhône Jupiter (525 hk)
- krúsfaasje: 118 km/o
- maks. faasje: sa'n 180 km/o
- tsjinstplafond: 5.500m
- maks. fleanberik: 1.100 km
Ungemakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Op 22 augustus 1927 kresjte de H-NADU fan KLM ûnder Sevenoaks, Kent nei it tastel it sturtflak ferlern hie.[1].
- Op 11 april 1928 moast in F.VIII fan KLM in needlâning meitsje by Nigtevecht nei in motorsteuring.[2]
- Op 10 augustus 1938 ferûngemakke in F.VIII fan Malert fuort nei it opstigen fan Lofthaven Debrecen, alle 12 passazjiers en 2 bemanningsleden ferlearen it libben.
- Op 27 desimber 1938 stoar in Urker jonge fan 10 nei't er rekke wie troch de sturt fan de F.VIII dy't yn in strange winter post ôflevere op Urk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Dutch Aviation
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|