Springe nei ynhâld

Henk Hofstra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 mrt 2019 om 17.39 troch Drewes (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Boven water fan Henk Hofstra yn Lelystêd

Henk Hofstra (Terwispel, 1952) is Fryske keunstskilder, grafysk ûntwerper en byldhouwer.

Hofstra waard berne as iennige soan yn in arbeidershúshâlding. Op 17-jierrige leeftyd gie er nei de keunstakademy Artibus yn Utert. Nei in jier stoppe hy mei de oplieding. Inkele jierren letter gie hy nei de Akademy Minerva yn Grins dêr't er ein jierren santich ôfstudearre.

De keunst fan Henk Hofstra is figuratyf. Hy skilderet meast kij, tulpen en lânskippen, mar ek stedsgesichten en portretten. Dêr oerhinne bringt hy op in ekspressive wize slierten ferve oan. Sa ûntstiet in kontrast tusken rêst en enerzjy. In driptechnyk dy't al brûkt waard troch ferskate Amerikaanske ekspressjonisten yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch. Henk Hofstra hat sûnt de jierren tachtich geregeldwei eksposearre yn binnen- en bûtenlân, ûnder mear yn Amsterdam, Rotterdam, Antwerpen en New York.

Hofstra is teffens belutsen by spraakmeitsjende keunstprojekten. Sa wie er yn 2007 ferantwurdlik foar it blau fervjen fan in strjitte yn Drachten, in keunstprojekt dat hy Wetter is libben neamt. Yn 2008 skildere hy op it Ljouwerter Saailân achtjin mânske spegelaaien. Ein 2008 waard dat keunstwurk fuorthelle fanwege de werynrjochting fan it Saailân.[1]
Yn 2010 realisearre er yn Lelystêd it projekt Boven Water.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leeuwarder eierkunst verwijderd