Springe nei ynhâld

Silvanus

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 mrt 2019 om 21.41 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Munt fan Flavius Silvanus

Klaudius Silvanus († 7 septimber 355) wie yn 355 fan 11 augustus ôf 28 dagen keizer fan it Romeinske Ryk.
Silvanus wie fan Frankyske komôf en makke in skitterende opgong yn it Romeinske leger. Der skopte hy it ta magister militum, de heechste militêre posysje ûnder de keizer. Hy wie de soan fan Bonitus.

Silvanus hie in soad súkses yn de striid tsjin de Germanen. Hy ferdedige de grinzen fan it ryk mei oerwinnings op syn stambesibben de Franken. Doe't hy fan ferried fertocht waard troch keizer Konstantsius II liet Silvanus himsels yn Keulen ta keizer útroppe troch de ofsieren fan syn leger dy't lykas him fan Frankyske komôf wienen. Syn usurpaasje duorre mar 28 dagen. Hy waard troch Konstantsius ferslein en op 7 septimber deade.

Silvanus wie de earste Frankyske keizer. Nei him soe Karel de Grutte de earstfolgende Frank wêze, dy't wer keizer fan Rome waard.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]