Springe nei ynhâld

Östersund

Ut Wikipedy
Östersund
Östersund fan Frösön ôf sjoen
Östersund fan Frösön ôf sjoen
Bestjoer
Lân Sweden
Provinsje Jämtlands län
Gemeente Östersund
Sifers
Ynwennertal 44.327 (2010)
Oerflak 27,28 km²
Befolkingsticht. 1.625 / km²
Oar
Stifting 1786
Offisjele webside
www.ostersund.se, ek (in)

Östersund is in stêd yn de gemeenten Östersund en Krokom yn it lânskip Jämtland en de provinsje Jämtlands län yn Sweden. Östersund is de haadstêd fan de gemeente Östersund en de provinsje Jämtlands län, it is ek de grutste stêd fan it noarwesten fan Sweden.

Östersund is stifte yn 1786 troch kening Gustav III fan Sweden. Östersund ûntjoech him de earste hûndert jier mar stadich, mar nei de komst fan it spoar yn 1879, begûn de stêd te groeien.

De stêd leit oan de eastkant fan de útrinner Brunfloviken fan de Storsjön ('de grutte mar'). Neffens de leginde libbet der in meunster yn dy mar: Storsjödjuret; lykas by it Monster fan Loch Ness besykje se dat te kultivearjen, mar de Sweden wolle der eigentlik net oan. Tsjinoer Östersund leit de wyk Frösö op it eilân Frösön. Op itselde eilân leit ek de “Åre Östersund Airport” foar sawol nasjonale as ynternasjonale flechten.

Winterdeis kin it yn Östersund -30 of -40 °C wurde, wylst temperatueren fan +25 °C simmers net ûngewoan binne; fanwege it protte wetter yn de omkriten hearsket dêr soms in miggepleach.

De Mittuniversiteit hat in kampus yn de stêd. It sintrum fan Östersund hat 300 winkels, 20 galeryen en likernôch 50 restaurants. It Jamtli, it provinsjaalmuseum fan Jämtland, is in iepenloftmuseum oer de 18e en 19e iuw.

Ferneamde lju út Östersund

Keppelings om utens