Stockbridge (Massachusetts)
Stockbridge | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Massachusetts | |
County | Berkshire County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.947 (2010) | |
Oerflak | 61,3 km² | |
Befolkingsticht. | 33,1 / km² | |
Hichte | 257 m | |
Oar | ||
Stifting | 1734 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Offisjele webside | ||
Webstee Stockbridge |
Stockbridge is in town yn Berkshire County yn it westen fan de Amerikaanske steat Massachusetts. It is part fan de Pittsfield (Massachusetts), Metropolitan Statistical Area. It stedsje leit oan de rivier de Housatonic en is omjûn fan it beboske Berkshireberchtme.
Stockbridge is in toeristeplak. It Norman Rockwell Museum húsmannet dêr, it Austen Riggs Center (in bekend psychiatrysk behannelingssintrum) en Chesterwood, wenhûs en atelier fan byldhouwer Daniel Chester French.
Keunstskilder Norman Rockwell hat lang yn Stockbridge wenne en wurke en parten fan it plak skildere, lykas Main Street, Stockbridge at Christmas (1967). Hy brûkte faak ynwenners fan Stockbridge yn syn tekeningen en skilderijen, lykas in William Obanhein yn de advertinsje "Policeman with Boys."
Stockbridge waard stichte troch Ingelske misjonarissen yn 1734 en hiet doe Indian Town. It krige syn offisjele namme op 22 juny 1739. It plak waard ferneamd nei Stockbridge yn Hampshire, Ingelân.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stockbridge, Massachusetts fan Wikimedia Commons. |