Boeing 307 Stratoliner
Boeing Model 307 Stratoliner | |
---|---|
Rol | Ferkearsfleantúch |
Makker | Boeing |
Earste flecht | 31 desimber 1938 |
Yn tsjinst | 8 july 1940 |
Ut tsjinst | 1975 |
Tal makke | 10 |
Grutste brûkers | TWA, Pan Am, United States Army Air Forces |
De Boeing Model 307 Stratoliner wie it earste kommersjele transportfleanmasine mei in drukkabine. Dizze eigenskip makke it mooglik om mei passazjiers op hichte fan 6,000m te fleanen, dat wol sizze boppe it waar. It drukdifferensjaal wie 2.5 psi (17kPa), sadat op in hichte fan 4.480 m de kabinedruk dy fan 2.440 m wie. Model 307 hie romte en foarsjennings foar in bemanning fan fiif en 33 passazjiers. De kabine wie sa'n 3.6 m trochsneed. It wie de earste fleanmasine mei in boardwurktúchkundige as bemanningslid.
It Model 307 wie in fuortsette ûntwikkeling fan it Model 299 (de lettere Boeing B-17 'Fleanend Fort'). Totaal binne der mar tsien fan makke fanwege it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch. Ien tastel waard kocht troch filmprodusint en loftfeartpionier Howard Hughes om dêrmei in wrâldsnelheidsrekord te festigjeen.[1]
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 307
- Wright Cyclone GR-1820-G102 motors mei ien superoanjager. 5 bemanningsleden
- 307B
- Wright Cyclone GR-1820-G105A motors mei twa superoanjagers foar bettere prestaasje op gruttere hichte. 7 bemanningsleden
- C-75
- Fiif Trans World 307Bs yn tsjinst fan de USAAF as militêre transporttastellen; 307B-1 standerd mei B-17G wjukken, in grutter sturtflak, 4 Wright Cyclone GR-1820-G606 motors en sûnder drukkabine.
Technyske feiten (Boeing 307)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut Jane's AWA 1942 (útsein wjukoerflak en laadfeiten) Bemanning: 5, dêrfan twa piloaten en in boardwurktúchkundige
- Kapasiteit: 33 passazjiers by deiljocht, 25 nachts
- Lingte: 22,6 m
- Spanwiidte: 32,63 m
- Hichte: 6,33 m
- Totaal oerflak: 138 m²[2]
- Leechgewicht: 13.608 kg
- Laadgewicht maks.: 20.420 kg
- Motor: 4 Wright GR-1820-G102 stjermotoren, 1100 hk it stik (=820 kW)
- Maks faasje: 387 km/o op 1,830 m
- Krúsfaasje: 344 km/o op 3,050 m
- Fleanberik: 2.820 km
- Plafond maks.: 7.110 m
- Belesting: 138 kg/m²
- Krêft/massa ferhâlding: 0.098 hk/pûn
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Besibbe fleanmasines:
Fergelykbere fleanmasines:
- Douglas DC-4
- C-46 Commando, CW-20 ferzje
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boeing 307 yn de Online-Ensyklopedy Historylink
- Loftfeartskiednis: Boeing 307 Stratoliner
- Reklamefilm fan de TWA oer de Boeing 307
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boeing 307 Stratoliner fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|