Springe nei ynhâld

Leine (rivier)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 aug 2018 om 18.47 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Keppelingen om utens: deade kous fuorthelle)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Leine
Brêge oer de Leine út 1751 by Pattensen-Schulenburg
Brêge oer de Leine út 1751 by Pattensen-Schulenburg
geografy
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
Tueringen
lokaasje boarne it Eichsfeld yn Tueringen
lokaasje mûning de Aller by Schwarmstedt
plakken Göttingen, Hannover, Schwarmstedt
sydstreamen 41
sifers
lingte 281 km
hichte boarne 400 m
hichte mûning 25 m
ferfal 375 m
ôfwetteringsgeb. 6.512 km²
ôffier (mûning) 61,7 m³/s

De Leine ( Aldsaksysk Lagina) is in 281 km lange rivier yn Tueringen en Nedersaksen yn Dútslân. It is in lofter sydrivier fan de Aller en de Weser.

Leine ûnder Nordstemmen

De boarne fan de Leine leit tichtby de stêd Leinefelde yn Tueringen. Sa'n 40 km stream berikt er Nedersaksen en rint dan nei it noarden.

Wichtige plakken oan de Leine binne Göttingen, Einbeck, Alfeld, Gronau en Hannover, de grutste stêd oan de rivier. Sa'n 40 km streamôf benoarden Hannover, by Schwarmstedt, mûnet de rivier út yn de Aller. Fia de Weser brikt er de Noardsee. De lêste 100 km binne hjoed-de-dei befarber foar lytse frachtskippen. Foar de komst fan it spoar wie de rivier in wichtige transportier oant Göttingen ta.

De rivier is wat fersmoarge troch de yndustry, dat it wetter wurdt net brûkt om te drinken, mar de fersmoarging is nea sa slim west dat der gjin fisken mear libje koene. Lykas in protte oare rivieren yn West-Europa wurdt de Leine sûnt de jierren 60 ek hieltyd skjinner sûnt de ynfiering fan miljeukontrôles. De sportfiskerij smyt lykwols gewoanwei net in protte op.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]