Writer's block
Writer's block (útspr.: ['rai̭təɹs blɔk]; likernôch: "raiters blok"; Ingelsk foar "skriuwersblokkade") is in oandwaning dêr't skriuwers net selden mei te krijen hawwe, wêrby't se it fermogen ferlieze om nij wurk te produsearjen of in kreätive fertraging ûnderfine. Dizze krupsje kin útinoar rinne fan in beskate dreechte om noch orizjinele ideeën te betinken oant in sitewaasje wêrby't men jierrenlang gjin wurd mear op papier kriget. Writer's block is neat nijs, mar krekt in histoarysk dokumintearre probleem foar skriuwers.
Oarsaken fan writer's block kinne wêze: in brekme oan ynspiraasje, ôflieding troch oare dingen, fysike sykte of minnichte, depressiviteit (hoewol't dat ek in gefolch fan writer's block wêze kin), finansjele swierrichheden, in gefoel mislearre te wêzen, ensfh. Ferneamde auteurs fan wa't bekend is dat se mei dizze oandwaning wrakselen, wiene û.m. F. Scott Fitzgerald en Joseph Mitchell. Ek striptekener Charles M. Schulz en sjongster (en lietsjeskriuwster) Adele hawwe oanjûn mei writer's block te kampen. De oandwaning waard foar it earst yn 1947 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske psycho-analist Edmund Bergler. Sûnt de santiger en tachtiger jierren is der yngeand ûndersyk nei dien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |