Springe nei ynhâld

Harinxmabrêge

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 apr 2018 om 14.37 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Harinxmabrêge

De Harinxmabrêge, foarhinne: Elektryske Brêge, yn de folksmûle: Sperkhimbrêge, Wouda's brêge, is in ophelbrêge yn Snits. Hy leit oer de súrdin fan de Stedsgrêft, dy't de haadfarrûte fan de stêd is.

De brêge is boud yn 1920 en is yn 1985 restaurearre. By de restauraasje binne parten fan de izerene konstruksje werbrûkt; oare bysûndere meganyske komponinten binne folslein ferfongen. De nije parten binne dêrby sa yn it byld fan de brêgeyn ynpast dat it oansjen fan de brêge hast net feroare is.[1]

De brêge is part fan it ryksmonumint Stedsgrêft Snits.[2] Dêrtroch mochten fuortdaliks oan de brêge gjin kamera's, spegels ensafuorthinne pleatst wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. www.bruggenstichting.nl
  2. ODB:Ryksmonumintnr: 34077 Snits