Arnold Houbraken
Arnold Houbraken (Doardt, 28 maart 1660 – Amsterdam, 14 oktober 1719) wie in keunstskilder en skriuwer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Houbraken wie learling fan ûnder oaren Jacobus Leveck en Samuel van Hoogstraten. Yn 1685 boaske er oan Sara Sasbout. Om 1709 ferhuze er nei Amsterdam nei útnûging fan Jonas Witsen. Yn 1713 makke er in reis nei Ingelân om dêr in histoarysk wurk fan platen te foarsjen. Hy besocht in hantlieding foar artysten te meitsjen dat bedoeld wie om mooglike tema's foar skilderijen oan te rikken, it Embleem boek, Inhoud van 't Sieraad der Afbeelding.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn soan Jacobus Houbraken (1698–1780) wie in bekend graveur fan portretten en boekyllustraasjes; hy yllustrearre ûnder oaren syn heite boeken. Antonina (1686-1736), syn dochter, wie tekener en yllustrator. Sy wie boaske oan de topografysk tekener Jacobus Stellingwerff (1667-1727). Ek dochter Christina skilderde en tekene. Sy troude mei de skilder Anthony Elliger. Harren dochter Christina Maria waard tekenaresse.
Skilderwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arnold Houbraken skildere mythologyske en bibelske taferelen, portretten en lânskippen.
-
De skilder en syn model (kopy), 1690
-
Betinking kening Mausolus troch keninginne Artemisia
-
Pallas Atene op besite by Apollo op de Parnassus, 1703
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arnold Houbraken wurdt fral te binnen brocht fanwege syn De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718–1721), mei 500 biografyen fan keunstskilders út de 17e iuw.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arnold Houbraken fan Wikimedia Commons. |