Springe nei ynhâld

Koergan (grêfhichte)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 sep 2017 om 11.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Trasyske koergan yn Pomorje, Bulgarije

In koergan (Russysk: курга́н) is Russysk foar grêfheuvel. De earsten fan dit soart heuvels waarden makke troch minsken fan de Samarakultuer yn Ruslân. Koergans waarden boud yn de kopertiid, brûnstiid en izertiid.

In tal kultueren en folkeren brûkten de koergans, ûnder oaren de Sroebnakultuuer, de Jamnakultuer, de Skyten, de Sarmaten, de Hunnen en de Koemanen. Trochdat al dy kultueren en folkeren deselde grêfheuvels brûkten, basearre de Litouws-Amerikaanske argeologe Marija Gimbutas yn 1956 har koerganhypotese. Neffens dy hypotese stamje alle Yndo-Jeropeeske folken fan ien sintraal folk út it hjoeddeiske Súd-Ruslân.

Boppe of by in koergan wurdt meastentiids koerganstêles oantroffen.