Ynternasjonaal Klompemuseum Eelde
It Ynternasjonaal Klompemuseum Eelde yn Eelde yn Drinte is in museum foar klompen, klompmakkersark en klompmakmasines. It hat de grutste samling houten skuonark fan de wrâld. It museum waard oprjochte yn 1990.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basis fan de kolleksje waard lein troch de bruorren Eiso (1916-1977) en Egbert Wietzes (1925-1988), de lêste klompmakkers fan Eelde. De kolleksje waard nei harren ferstjerren útwreide mei de samling fan de hear H.P. Bongers út Ynskedee, learaar oan in Technyske skoalle. Dy syn samling bestie neist klompen, út West-Europeesk ambachtlik en (ier)masinaal klompmakkersark. Yn 2009 krige it museum in grutte samling Frânske klompen.
De kolleksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kolleksje fan it museum bestiet ûnder oaren út:
- Goed 2.200 pear ferskillende klompen en oar fuotark mei in houten soal, út 43 lannen
- Hûnderten stiks ambachtlik ark út sân Europeeske lannen
- Klompmakmasines fan om 1920, út Nederlân, Dútslân en Frankryk
- In mânske samling ynternasjonale literatuer.
It museum jout omliedingen en der wurde geregeld tema-eksposysjes organisearre.