Springe nei ynhâld

Gerda van der Kade-Koudijs

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 mai 2017 om 20.45 troch Drewes (oerlis | bydragen) (foto)
Gerda van der Kade-Koudijs
sporter
Gerda van der Kade-Koudijs (1948)
Gerda van der Kade-Koudijs (1948)
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 29 oktober 1923
berteplak Rotterdam
stjerdatum 19 maart 2015
stjerplak Almelo
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel sprint, horden, fierspringe
earste titel Ned. kampioene 200 m 1942
O.S. 1948
ekstra Wrâldrekorhâldster 4 x 110 yd 1944-1950; 4 x 200 m 1944-1950;

Ned. rekordhâldster 4 x 100 m 1946-1950; 4 x 200 m 1944-1958

wichtige prestaasjes
Goud OS 1948 op de 4 x 100 m estafette

Gerda Johanna Marie van der Kade-Koudijs (Rotterdam, 29 oktober 1923Almelo, 19 maart 2015) wie in Nederlânsk atlete. Hja eksellearre op de sprint, de horden en by it fierspringen yn de perioade om de Twadde Wrâldoarloch.

Libben

Op grûn fan har prestaasjes hearde de Rotterdamske atlete sûnder mis thús yn it rychje fan atletes fan wrâldklasse. Se hie lykwols de pech dat se har topprestaasjes levere yn it tiidrek Fanny Blankers-Koen. Hjirtroch bleau se altiten wat yn it skaad fan de 'Fleanende Húsfrou' út Hoofddorp. Yllustratyf is bygelyks, dat Gerda van der Kade-Koudijs yn 1944 op de 100 yards mei 11,0 s mar twatsiende en op de 80 m horden mei 11,4 mar ientsiende boppe it WR bleau. Beide wrâldrekords wienen yn handen fan Fanny Blankers-Koen..

Har earste grutte ynternasjonale oerwinning helle Van der Kade-Koudijs yn 1946 doe't hja yn Oslo, by de earste Europeeske Kampioenskippen Atletyk nei de Twadde Wrâldoarloch, Europeesk kampioene fierspringen waard. Op de 100 m einige se as sechsde. In twadde gouden medalje ferovere se yn Oslo as lid fan de 4 x 100 m frouljusestafetteploech, mei Fanny Blankers-Koen, Martha Adema en Nettie Witziers-Timmer.

Har grutste súkses wie it Olympysk goud dat hja yn 1948 op de Spullen fan Londen wûn mei de 4 x 100 m estafetteploech. Krektas yn Oslo makke neist Gerda van der Kade-Koudijs ek Fanny Blankers-Koen en Nettie Witziers-Timmer diel út fan dy ploech, dy't diskear oanfold wie mei Xenia Stad-de Jong as startrinster. Dêrneist miste hja op dy Spullen by it fierspringen de brûnzen medalje mei in heale sintimeter.
De jûchheistimming dy't nei de Spullen yn Nederlân ûntstie, wie oars hast hielendal rjochte op Fanny Blankers-Koen, de 'fleanende húsmem'. Foar de oare oranjebroeken wie it suver ûnmoglik it ljocht fan de skynsmiters op har rjochte te krijen. Letter soe hja dêroer sizze: 'Wy dielden fansels yn de wille, mar dochs mear as dekor.'[1]

Gerda van der Kade-Koudijs wie trijeris lid fan in estafetteteam dat in wrâldrekord ferbettere. By nasjonale kampioenskipppen ferovere hja yn totaal njoggentjin medaljes, wêrfan der 'mar' trije goudkleure wienen, wat nochris de oerhearsking fan Fanny Blankers-Koen yn har tiidrek yllusterearret. Se sette yn 1953 in punt efter har atletykloopbaan, nei de berte fan har twadde dochter.

Yn har aktive tiid wie Van der Kade-Koudijs oansluten by it Rotterdamske Victoria. Se wie ien fan de mei-oprjiocht(st)ers fan Atletykferiening Impala yn Drachten.

Kampioenskippen

Europeesk kampioenskippen

Underdiel jier
fierspringen 1946

Nasjonale kampioenskippen

Underdiel jier
200 m 1942, 1943
fierspringen 1943

Persoanlike rekords

Underdiel Prestaasje Datum Plak
100 m 12,0 s 29 maaie 1949 Ynskedee
200 m 25,2 s 1942
80 m horden 11,4 s 1946
fierspringen 5,76 m 1947 Rotterdam
heechspringen 1,50 m 1949

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ut Gerda Koudijs troch Ben de Graaf (1999), publisearre yn De Top 500, De beste Nederlandse sporters van de eeuw, boarne: sjoch hjirboppe