Springe nei ynhâld

Johannes Mulder

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 mai 2017 om 14.03 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (+ stjerplak (neffens Ned. Wik.))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Johannes Mulder

Johannes Mulder (Frjentsjer, 15 maaie 1769 - Grins, 18 novimber, 1810) wie in Frysk ferloskundige.

Hy wie ienich bern fan Claas Mulder, keapman en boargemaster fan Frjentsjer, en Aaltsje Staalstra. Nei de Latynske skoalle begûn Mulder syn akademyske stúdzjes yn Frjentsjer op 28 july 1785. Hy soe der filosofy en genêskunde studearje. De earste jierren lei hy him benammen ta op de natuerkundige fakken. Op 22 septimber 1790 helle hy de graad fan doktor yn de filosofy. In wike letter liet hy him ynskriuwe oan de Universiteit Leien as studint medisinen.

As studint hat Mulder in grut oantal thúsbefallingen dien. Yn 1792-93 makke hy in stúdzjereis nei Ingelân. Sa tarêsten om praktyske feardigens yn de hielkunde mar benammen yn de ferloskunde, kaam Mulder begjin 1794 wer nei Nederlân en helle hy syn graad. Yn 1797 hâlde hy syn iepenbiere. Lykas wenst yn dy tiid ûntwurp elke heechlearaar yn de ferloskunde syn eigen ferlostange. Yn 1807 waard Mulder oan de Universiteit fan Grins beneamd as heechlearaar, as betingst easke hy in eigen klinyk. By syn earste yntrede hâlde hy in rede oer Petrus Camper.

Johannes Mulder ferstoar op ± 41-jierrige leeftiid nei in kaakoperaasje.

Redefiering fan Johannes Mulder oer Over de redenen, waarom de Nederlanders in het algemeen zeer weinig tot verbetering en uitbreiding van de heel- en verloskunde hebben toegebragt (Ljouwert 1797). Fan in ynlieding foarsjoen troch dr. H.L. Houtzager. Erasmus Publishing 1997