Springe nei ynhâld

Boekdata

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 mai 2017 om 16.28 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (+ kat:bibliografy, minus kat:dokumint nei type)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Boekdata binne gegevens oer in boek, bygelyks gegevens oer de foarm of de ynhâld fan in boek, lykas it tal siden of tal en aard fan de yn it boek foarkommende yllustraasjes.

Ek oare aspekten fan it boek, sa as de auteur of de troch de útjouwer fêststelde ferkeappriis fan it boek, wurde ta de boekdata rekkene. Boekdata wurde yn Nederlân gearstald en sammele troch ferskate ynstellings, lykas it Ynternasjonaal Standert Boeknûmer ISBN-buro, de Keninklike Bibleteek en de Stifting boek.nl. Goede boekdata binne tige wichtich foar it opsykjen fan boeken yn boekhannel en bibleteek. Yn Nederlân wurdt de wichtige ynternasjonale ONIX-standert foar boekdata (mei mear as 400 boekgegevens de boektitel) promoate troch editeur.nl en it ISBN-buro.