Elektroanysk papier
Elektoanysk papier of e-papier is in ynformaasjedrager dêr’t de tekst sûnder elektryske stroom sichtber op bliuwt troch digitale inket (de piksels binne bistabyl. It ferskil mei gewoan papier is dat de tekst op it elektroanysk papier wiske en oerskreaun wurde kin.
In soad e-boeklêzers hawwe in elektroanysk-papier-skerm.
Technology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne ferskate wizen om elektoanysk papier te meitsjen. By de bekendste technology is it elektroanysk papier makke fan in oerbringend plestik. Dat plestik hat in soad lytse baltsjes dy’t reagearje op in elektryske lading. Dêrtroch kin in side feroare wurde lykas piksels op in byldskerm. Oare brûkte technologyen binne ûnder oare in oanpaste foarm fan lcd-skerms en elektrogromyske byldskerms.
Foar- en neidielen foar oare byldskerms oer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elektroanysk papier hat foar- en neidielen foar oare byldskerms oer. Elektroanysk papier jout sels gjin ljocht op, mar reflektearret wol, krekt as gewoan papier. Neffens guon is dat minder ynspannend foar it minsklik each en boppedat is it skerm by fûl ljocht (yn de sinne) ek goed te lêzen. Foardielen fan elektroanysk papier binne ek dat it fleksibel wêze kin, licht is en bistabyl is. Dat betsjut dat it allinnich stroom brûkt as der skeakele wurdt nei nije ynformaasje op it display. Sa kin in werjefte jierren op in display stean bliuwe sûnder dat der enerzjy oanfierd wurdt. Kontrasten fan gewoan papier kinne mei elektroanysk papier ek helle wurde. De sjochhoeke is aardich grut, ûnder in hoeke fan 170 graden is de tekst noch goed te lêzen.
In neidiel is dat feroarings yn it byld stadich geane, sadat flot blêdzjen, skrollen, ferlytsjen en fergrutsjen net mooglik binne. Krekt as by papier is foar it lêzen ekstern ljocht nedich.
Elektroanysk papier is dus benammen geskikt foar it wiidweidich lêzen/besjen fan in side tekst of in ôfbylding dy’t goed lêsber op it skerm past, en minder foar in kaart, diagram of tabel dy’t dêr te grut foar binne sadat jo in soad skrolle en fergrutsje moatte. Ek is it handich om te witten op hokker side jo wêze moatte (of dat troch it apparaat ûnthâlde te litten) sadat jo dêr sûnder blêdzjen streekrjocht hinne gean kinne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elektroanysk papier is yn de santiger jierren foar it earst makke troch Nick Sheridon by Xerox. It earste elektroanyske papier, saneamd ‘’Gyricon’’, bestie út lytse statysk laden baltsjes. Dy ballen wiene oan de iene kant swart en oan de oare kant wyt. De tekst op it papier waard feroare ûnder ynfloed fan in elektrysk fjild. Dat fjild soarge derfoar dat de baltsjes mei de swarte kant nei boppe of nei ûnderen draaiden.
Yn de njoggentiger jierren waard in oar soarte elektroanysk papier útfûn troch Joseph Jacobson. Dat makke gebrûk fan mikrokapsules dy’t mei elektrysk laden wite stikjes oplost yn kleure oalje folle wiene. De earste ferzjes wiene basearre op elektroforeze. De ûnderlizzende elektroanyske skeakelings makken út oft de stikjes boppe-oan de kapsule kamen, dêr’t it papier op dat plak wyt troch waard, of ûnderoan de kapsule, dêr’t it papier de kleur fan de oalje krige.
Yn 1997 rjochte Jacobson it bedriuw E ink op om elektroanysk papier kommersjeel stal te jaan. Elektroanysk papier waard yn 1999 foar it earst kommersjeel brûkt foar in reklameskerm yn in warehûs. E Ink makke in ferbettere ferzje, dêr’t de wite stikjes yn kleure oalje yn ferfongen waarden troch swarte en wite stikjes yn trochsichtige oalje.
Yn april 2004 kundige Sony de earste kommersjeel beskikbere elektroanysk papier apparatuer oan, de Sony LIBRIé EBR-1000EP. Dy is ûnderwilens opfolge troch de Sony Reader.
Yn Nederlân kaam de firma iRex Technologies, in spin-off fan Philips, yn april 2006 mei de op de E ink-technology basearre lêzer iLiad. Krap twa jier letter ferskynde NRC Handelsblad as earste Nederlânske krante dêrop. De krante op elektroanysk papier krige de namme ePaper.
De Amazon Kindle fan de online boekferkeaper amazon.com waard yn novimber 2007 op de Amerikaanske merk brocht mei 88.000 beskikbere digitale boeken. Yn 2007 en de jierren dêrnei folgen ek ferlykbere inisjativen yn ferskate Jeropeeske lannen.
Takomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elektroanysk papier is benammen maklik foar minsken dy’t in soad fan in byldskerm lêze moatte. Mar der binne ek grutte ferwachtings op it mêd fan it ferfangen fan printe (krante)papier en foar it brûken foar skoal- en hânboeken. De foardielen binne, njonken in handich, licht formaat, de grutte opslachkapasiteit en de maklike, flotte oanpassing fan de ynhâld. In bykommend foardiel is, dat der oantekeningen op it apparaat makke wurde kinne dy’t omset wurde kinne yn printe tekst.