Henri Roorda
Henri Philippe Benjamin Roorda van Eysinga (Brussel, 30 novimber 1870 – Lausanne, 7 novimber 1925) wie in Frânsktalich Switsersk publisist fan Nederlânsk-Frysk komôf, soan fan de anargist Sicco Roorda van Eysinga, dy't fan 1872 ôf yn Clarens, oan de Mar fan Sjenêve, as frijwillich balling tahold.
Roorda wie yn beheind fermidden bekend as auteur fan krityske geskriften oer ûnderwiisfernijing. Under de skûlnamme Balthasar skreau er satiryske stikken yn dei- en wykblêden. Hy waard it meast bekend fan it boekje Mon Suicide, dat yn 1926 ferskynde, in skoftke nei't er himsels tekoart dien hie. Henri Roorda jildt as de grutste humorist fan Frânsktalich Switserlân.
Lausanne hat sûnt 2003 in Association des Amis de Henri Roorda. Nei it earste Samle Wurk-útjefte yn 1969, ferskynde yn 2011 in nije, útwreide twadde edysje.
Sitaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 'Waar de mensheid naartoe gaat weet ze niet, maar sinds een eeuw heeft ze duidelijk de bedoeling daar zo snel mogelijk te komen'. (út Le roseau pensotant)
- 'Ik stel me voor hoe de rijken zouden kijken als de armen op grote schaal zelfmoord pleegden om hun grauwe bestaan te bekorten. Ze zouden vast zeggen dat dat immoreel is'. (út Mijn zelfmoord)
- 'Het universum wordt veel onbelangrijker als ik er niet meer ben'. (út Mijn zelfmoord)
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- L’École et l’apprentissage de la docilité (1898)
- Mon internationalisme sentimental (1915)
- Le pédagogue n'aime pas les enfants (1917)
- À prendre ou à laisser (1919)
- Le Roseau pensotant (1923), Éditions L'Âge d'Homme, 2003
- Les Almanachs Balthasar (1923–1926)
- Le débourrage de crâne est-il possible ? (1924)
- Avant la grande réforme de l’an 2000 (1925)
- Le Rire et les rieurs (1925)
- Mon suicide (1926) (Mijn zelfmoord, fert. Rokus Hofstede, mei neiwurd fan André de Raaij, Vantilt, 1998)
- Oeuvres complètes, 1969
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hugues Lenoir: Henri Roorda ou le zèbre pédagogue. Genf : Bibliothèque Romande, 2010
- Henri Roorda et l’humour zèbre. Lausanne, Éditions HumuS, 2009
- Edmond Gilliard: À Henri Roorda - L’École contre la Vie, Genf : Bibliothèque Romande, 1973
- René Fonjallaz: A la mémoire de Henri Roorda.. Lausanne 1928