Springe nei ynhâld

Charles Goodyear

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 apr 2017 om 19.54 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Charles Goodyear, 1912
Charles Goodyear

Charles Goodyear (New Haven (Konettikut), 29 desimber 1800 - New York City, 1 july 1860) is in Amerikaan dy't bekend wurden is troch syn útfining fan it fulkanisearen fan rubber. Op 15 juny 1844 krige hy in patint foar dizze útfining. Nei syn ferstjerren waard it bannefabryk Goodyear oprjochte, dat as in earebetoan oan him beskôge wurde kin.

Charles Goodyear hat lange jierren eksperimintearre mei de ferwurking fan rubber. Ynearsten brûkte hy de rubber fral om skuon fan te meitsjen dy't lykwols fan minne kwaliteit wiene oant hy yn 1838 ûntdekte dat fulkanisearjen mei swervel in folle stabiler en wurkberder produkt opsmiet.

Syn fulkanisaasjeproses waard lykwols troch de Britske útfiner Thomas Hancock oernomd doe't dizze yn besit kaam fan monsters dy't troch Goodyear nei Ingelân oerbrocht wiene. Hancock tsjinne goed 8 wiken earder in patintoanfraach yn as Goodyear dy't troch Goodyear betwiste waard.