Tritichjierrige Oarloch
De Tritichjierre Oarloch wie in grutskalich polityk en religeusk konflikt dêr't in protte Jeropeeske lannen by belutsen wienen en dat benammen fierd waard op Dútske boaiem. De oarloch duorre fan 1618 oant 1648 en einige mei de Frede fan Westfalen.
Oanlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsaken foar de kriich wienen de tsjinstellings tusken roomsk-katoliken en protestanten, en it stribjen nei macht troch de ferskillende steatsjes dêr't it Dútske ryk yn ferdield wie. By de godstsjinstfrede fan Augsburch (1555) wie de ferhâlding tusken katoliken en protestanten net sa befredigjend regele, dat it konflikten tenei foarkomme koe. Yn 1608 foarme har in ferbûn fan protestantske foarsten, de Uny, ûnder de kalvinistyske foarst fan de Palts. Dêr foaroer stelde him yn 1609 de katolike Liga ûnder de hartoch fan Beieren. In opstân yn Bohemen, dêr't de protestanten fan Rudolf II yn 1609 frijheid fan godstsjinst krigen hienen, in frijheid dy't troch syn opfolger Matthias wer tebek set waard, lette yn 1618 de oarloch yn.
Nei de dea fan Matthias (1619) keazen de Boheemjers, de kalvinistyske keurfoarst Freark V ta kening. Hy waard stipe troch troch in oantal Dútske protestantske foarsten. De nije keizer, de strang katolike Freark II stjoerde in leger ûnder lieding fan fjildhear Johan Tzerclaes nei Bohemen, dat yn novimber 1620 yn de slach op de Wite Berch, de protestanten ferneatigjend fersloech. De kriich bleau lykwols oanhâlden troch ynminging fan bûtenlânske machten. Spanje joech steun oan de keizer, wylst Christiaan IV de protestanten te help kaam. Troch de keizerlike fjildhearen Wallenstein en Tilly waard dizze kening lykwols yn 1629 twongen om frede te sluten (de Frede fan Lübeck).
In jier letter brekt de oarloch op 'e nij út at de Sweedske kening Gustaf II him yn de striid mingd. Gustaf dy't him troch Wallenstein bedrige fielde falt oan en kriget dêrby steun fan de Nederlânske Republyk (sels noch belutsen yn de Tachtichjierrige oarloch) en yn 1635 iepentlik fan it katolike Frankryk, dêr't Richelieu foar alles de macht fan de Habsburgers brekke wol. Gustaf II hellet inkele wichtige oerwinnings (Breitenfeld, 1631; Lech, 1632) mar sneuvelt te Lützen yn 1632, yn itselde jier dat ek syn tsjingader de Greve fan Tilly sneuvelt. De oare katolike fjildhear Wallenstein waard yn 1634, mei ynstimming fan de keizer, dy't syn macht freesde, fermoarde.
Ein en gefolch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1647 slagget it de Frânske fjildhear Turenne, tegearre mei Condé en de Sweden, Beieren ta oerjefte te twingen. Yn 1648 makket de Westfaalske Frede (yn Münster en Ostnabrück) foarfêst in ein oan de kriich. Dizze frede hie wiidweidige gefolgen. It besegele de ûndergong fan de keizerlike macht yn it Dútske Ryk en makke dy fan de ryksfoarsten sterken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thirty Years War fan Wikimedia Commons. |
- Tritichjierrige Oarloch
- Skiednis fan Jeropa
- Skiednis fan Dútslân
- Oarloch yn Jeropa
- Oarloch yn de 17e iuw
- Oarloch fan Beieren
- Oarloch fan Bohemen
- Oarloch fan Brandenburch
- Oarloch fan Breunswyk-Luneburch
- Oarloch fan de Palts
- Oarloch fan Denemark
- Oarloch fan Eastenryk
- Oarloch fan Frankryk
- Oarloch fan it Hillige Roomske Ryk
- Oarloch fan Hongarije
- Oarloch fan Ingelân
- Oarloch fan Keulen
- Oarloch fan Kroaasje
- Oarloch fan Mainz
- Oarloch fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
- Oarloch fan Portegal
- Oarloch fan Saksen
- Oarloch fan Skotlân
- Oarloch fan Spanje
- Oarloch fan Sweden
- Oarloch fan Transsylvaanje
- Oarloch fan Trier