Springe nei ynhâld

Kaap Arkona

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 apr 2017 om 11.08 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kaap Arkona

Kaap Arkona is in kaap op it Dútske eilân Rügen. It is in 45 m hege en steile kust dy't út krytstientme bestiet. Hy leit yn it noarden fan it skiereilân Wittow yn de gemeente Putgarten, by it plakje Vitt en lûkt in protte toeristen.

Op de kaap steane twa fjoertuorren, in peiltoer, twa bunkers, de Westslavyske Jaromarsboarch en in stikmannich toeristyske gebouwen (restaurants, kafees, sûvenirwinkels). Fanwege syn geologyske struktuer is de kaap gefoelich foar de ynfloed fan wetter en brokkelje der benammen winterdeis stikken fan it klif ôf.

It Dútske ferneamde passazjiersskip Cap Arcona waard yn 1927 nei dizze kaap neamd.