Springe nei ynhâld

Sekretaris

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 mrt 2017 om 22.07 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In sekretaris of siktaris is immen dy't belêstge is mei de ferslachlizzing as lid fan it deistich bestjoer fan in organisaasje, lykas in feriening, stifting, kommisje, komitee, politike partij, ynternasjonale organisaasje of steat. Yn it meast gongbere gebrûk fan dizze term giet it om in funksje yn it bestjoer fan in lytsskalige organisaasje, lykas in feriening foar doarpsbelang of in biljertklub. By sokke organisaasjes bestiet it deistich bestjoer út in foarsitter, in sekretaris, in skathâlder en eventueel in fise-foarsitter en ferskate algemiene leden. By formele gearkomsten sit de sekretaris rjochts fan 'e foarsitter. It wurd 'sekretaris' komt út it Latyn en betsjut letterlik "geheimhâlder'. Fan dit wurd bestiet yn it Frysk gjin froulike foarm; sekretaresse of siktaresse is gjin froulike sekretaris, mar in administrative funksje dy't neat te krijen hat mei bestjoer.

Yn lytsskalige organisaasjes hat de sekretaris as taak om notulen te meitsjen fan gearkomsten. Ek it skriuwen fan brieven en útnûgings heart ta syn wurk. Tsjintwurdich is de sekretaris fierders faak de kontaktpersoan fan syn organisaasje foar binnenkommende e-mailberjochten dy't rjochte binne oan it bestjoer as gehiel, en fersoarget er dêrnjonken yn 'e regel ek it útgeande e-mailferkear. De sekretaris hâldt de lede-administraasje by, soarget dat de organisaasje him wetlik goed hâldt en draacht troch feroarjende wetjouwing op te folgjen en faak riedt er ek de gearkomsten ta en/of hâldt er de opfolging fan 'e besluten yn 'e rekken, hoewol't dat ek troch de foarsitter dien wurde kin. Soms wurde de funksjes fan in sekretaris kombinearre mei dy fan in skâthâlder, ta in 'sekretaris-skathâlder'.

Der besteane ferskate spesifikere foarmen fan sekretarissen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.