Ross-on-Wye
Ross-on-Wye | ||
It stedssintrum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Regio | West Midlands | |
Greefskip | Herefordshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.100 (2009) | |
Oar | ||
Postkoade | HR9 | |
Tiidsône | UTC+0 | |
Simmertiid | UTC+1 | |
Offisjele webside | ||
[] |
Ross-On-Wye is in plak yn it súdeasten fan it distrikt Herefordshire, yn it greefskip mei deselde namme. It stedsje leit oan de rivier de Wye, ien fan de langste rivieren fan it Grut Brittanje. Ynearsten hiet it plak Ross, mar yn 1931 waard der on Wye oan taheakke, om ûnderskied te meitsjen mei oare plakken mei deselde namme yn it lân.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Domesday Book fan 1086 neamt de delsetting 'Rosse' mei 28 hûshâldings.[2] De tsjerke is fan de iere 14e iuw en hat in pear nijsgjirrige grêven út de 16e iuw.
Mids 18e iuw kamen toeristen nei it plak. De Anglikaanske preester John Egerton naam freonen en kunde te boatsjefarren op de Wye, dy't al langer om reden fan it pittoreske lânskip bekend wie. Yn 1782 ferskynde it earste boek oer in besyk oan de krite en dêrnei boaske it tal besikers bot oan.
It plak hat sa'n 10.000 ynwenners. It is in market town, yn Ingelân in wetlik fêstlein ferskil mei in doarp en stêd, te fergelykjen mei in flekke yn Nederlân. It plak is bekend om syn protte lytse, selsstannige winkels yn it âld sintrum, dat ek in tal fakwurkhuzen yn de Tudorstyl hat. De ruïne fan "Wilton Castle" út de 12e iuw leit oan de râne fan it stedsje.
Persoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De komponist William Squire waard dêr yn 1871 berne. Arsjitekt en yngenieur Herbert Frederick Tomalin (1862) stoar dêr yn 1944.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De inn The Man Of Ross
-
The Market House
-
Toer fan de St Mary
-
Sicht op de stêd fan de Wye ôf
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|