Springe nei ynhâld

Monsterkommissaris

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 mai 2016 om 20.56 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (oerstallig kat fuorthelle)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In monsterkommissaris is in kommissaris dy't tafersjoch hâldt op de betelling fan soldij.

Oant 1795 wienen yn it leger fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en dus ek Fryslân de kompanjyen finansjeel ôfhinklik fan de kommandant (kapitein of ritmaster). De betellling fan de soldijen en trakteminten foel ek ûnder syn ferantwurdlikheid, krektas de administraasje hjiroer, dy't meast byhâlden waard troch in âldere ûnderoffisier. De oerheid dy'yt de soldij- en traktemintjilden ferstrekte, oefene tafersjoch út. Yn it earstoan barde soks middels de sa hjitten monsterkommissarissen. Letter waarden dy funksjonarissen ôfskaft en moast de kommandant ûnder mear skriftlik ferantwurdich ôflizze. In offsier fan administraasje by in rezjimint of bataljon bestie net.