Springe nei ynhâld

Hilverbeek

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 mrt 2016 om 17.24 troch Pierlala (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hilverbeek

Hilverbeek is in bûtenpleats oan de noardkant fan de Leeuwenlaan, tusken Hilfertsom en 's-Graveland.

Op 7 juny 1634 wurde 27 kavels yn 's-Graveland ferlotte ûnder seis gadingmakkers. Guon belangstellenden keapje meardere kavels, guon diele in kavel. Anthonis Oetgens fan Waveren (1585-1658), hear fan Waveren, Botshol en Ruige Wilnis, âld-boargemaster fan Amsterdam, keapet de kavels 14, 15, 16 en 17 en in diel fan nûmer 13.

By de ûntginning fan it lân wurdt de Leeuwenlaan oanlein, dy't syn lân midstwa snijt. Oan de súdkant bout hy hofstee Spiegelrust, neamd nei syn frou Anna Spiegel. Hjirby heart mear as 70 ha grûn. Oan de noardkant leit al in hofstee (mooglik al Hilverbeek neamd) en wurdt de herfoarme tsjerke boud troch arsjitekt Daniël Stalpaert.

Yn 1658 erft syn dochter Alida (1616-1686) it diel mei de hofstee Hilverbeek, en syn soan Joan (1613-1670) it diel mei pleats Stofbergen. Hja neamt yn har testamint de namme Hilverbeek (Hilferbeecq).

Yn 1668 erft syn Alida's dochter Anna Catharina fan Alteren (1644-1722) beide dielen, dus Hilverbeek en Stofbergen. As hja ferstjert giet Stofbergen nei har soan Ludovicus de Dieu (1670-1733) en Hilverbeek nei har oare soan Hendrik Aurelis de Dieu (1671-1727),

Ludovicus en Hendrik de Dieu ferkeapje harren erfdiel yn 1724 oan Mr Hendrik Bicker (1670-1738), boargemaster fan Amsterdam. Dizze lit it hjoeddeiske hûs Hilverbeek bouwe.

Linebeam

By pleats Stofbergen stiet in iuwenâlde sânstammige linebeam.

Nei it ferstjerren fan syn widdo yn 1758 wurdt it hûs troch de famylje iepenbier ferkocht. De nije eigener is Coenraad Jacob de Leeuw, dy't in Ingelske tún oanlizze lit. De Leeuwenlaan is nei him neamd.
Yn 1761 keapet er Spiegelrust derby. Letter wreidet hy syn lângoed noch mear út. Hy ferstjert yn 1791. Nei it ferstjerren fan syn frou Jacoba Arendina Meulenaar yn 1896 wurdt har neef Hendrik Muilman eigener. Hy lit it koetshús en de túnmanswente oan beide kanten foan it foarplein ôfbrekke. Fan 1816 oant 1820 wurdt it hûs as loazjemint brûkt troch Hendrik Smiers, in Leienske keapman.

Simmeriken
De 'jongste' iik

Op it stik lân tusken it hûs en de Leeuwenlaan stiet in âlde simmeriik (Quercus Robur). Hy hat no in stamomtrek fan 660 sm. en is 25 meter heech. Hy komt nei alle gedachten út de twadde helte fan de 18e iuw. De iik dernjonken is noch in iuw âlder.

Mear as in iuw lang wurdt Hilverbeek bewenne troch de family Six. Jonkhear Hendrik Six is de earste eigener, hy lit in oranjery bouwe. Yn 1845 wurde Noard- en Súd-Wolfsbergen oan it lângoed tafoege.

Om 1860 wurdt it hûs mei in ferdjipping ophege.
Yn 1910 wurdt by Jaglust it houten boartershúske Heilust boud, dit is fan de dyk ôf te sjen.

Yn 1922 folget in ferbouwing mei arsjitekt J.W. Hanrath.

Yn 1933 ferkeapet Jonkhear Jan Willem Six Hilverbeek oan Natuermonuminten. Yn de Twadde Wrâldoarloch stoart yn 1944 in V2 raket op it hûs en fernielt it safolle, dat dizze nije ferdjipping by de restauraasje yn 1947 weilitten wurdt.

Yn de bosk hat Natuermonuminten inkele amfibypuollen oanlein foar de bedrige kaamsalamander.

  • Benammen de hurden fan dit hûs binne bysûnder. Se binne makke troch in smid yn Kortenhoef. De koer is tige ûndjip, en it reekgat is in tinne slûf oer de hiele breedte fan de iepening. Mei in lyts bytsje hout jouwe dizze hurden in hiel soad waarmte ôf.
  • Oan de leane nei it hûs steane tulpebeammen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: