Standerttaal
In standerttaal is de fariëteit fan in taal dy't oer it heechste maatskiplike prestiizje beskikt en dêropta faak in wetlike of oare offisjele status hat. Hoewol't poer taalkundich sjoen alle taalfariëteiten gelyk binne, wurdt binnen hast alle taalmienskippen ien fariant ta standerttaal makke om as in ynstitúsjonalisearre noarm te tsjinjen foar doelen lykas it ûnderwiis en it taalgebrûk yn 'e media. Taalfarianten dy't har net oan dy noarm konformearje, wurde dan dialekten fan 'e standerttaal neamd. Yn it ferline waard op sokke taalfoarmen delsjoen en waard sels aktyf besocht en rûgje se út, om't se as breklike farianten fan 'e standerttaal beskôge waarden.
Yn in protte gefallen is it ûntstean fan in standerttaal it gefolch fan in faak iuwenlang en relatyf natuerlik ferrinnend proses fan standerdisaasje, wêrby't ien dialekt fan in groepke soartgelikense dialekten stadichoan wint oan prestiizje, yn 'e regel om't it sprutsen wurdt yn in gebiet dat ekonomysk woltieriger of polityk sterker is as de omlizzende kontreien. Soms wurdt der lykwols aktyf en rjochte troch de minske yn dit proses yngrepen om in standerttaal te skeppen dêr't dy earder noch net bestie. It komt foar dat men dan eleminten út ferskate dialekten mei-inoar besiket te ferranen, om 'e sprekkersmienskippen fan alle dialekten by de nije standerttaal te belûken. Yn seldsume gefallen kin in taal mear as ien standerttaal hawwe. Sa hat it Noarsk mar leafst fjouwer konkurrearjende standertskriuwtalen, wêrfan't twa, it Bokmål en it Nynorsk, in offisjele status hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|