Springe nei ynhâld

Plagiaat

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 des 2015 om 12.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (noch wat)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Plagiaat of letterdieverij is it oernimmen fan letterlike stikken, mar ek gedachten of riddenearrings fan oaren, mei as doel om dy trochgean te litten foar eigen wurk. Immen dy't him hjiroan skuldich makket, is in plagiator of in plagiaris; dejinge fan wa't it wurk oernommen is, wurdt oantsjut as de plagiëarre. De skyn dat men it wurk fan in oar plagiëarret, nimt men wei troch de boarne derby te fermelden en sekuer oan te jaan wat út dy boarne oernommen is troch de tafoeging fan klammerkes ("..."). As men dat docht, is it gjin plagiaat, mar in sitaat. Plagiaat giet yn 'e regel mank mei it skeinen fan it auteursrjocht, mar dat is net it gefal as der op it plagiëarre wurk gjin auteursrjocht mear rêst (om't dat ferrûn is). Yn sa'n gefal makket de plagiator him foar de wet nearne skuldich oan, mar sil er maatskiplik dochs wol deeglik feroardiele wurde. Plagiaat kin behalven by skriftlike boarnen ek foarkomme op it mêd fan film, tillefyzje en muzyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Work cited en Further reading, op dizze side.