Springe nei ynhâld

Entomology

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 sep 2015 om 15.52 troch Drewes (oerlis | bydragen) (+foto)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Samling krobben

Entomology (fan it Grykske ἔντομος, entomos, "it yn stikken sniene" of "it kurvene", en -λογία, -logia, "kunde") is de wittenskiplike stúdzje fan ynsekten, en dêrmei in tûke fan 'e soölogy of dierkunde. Yn it ferline waard ûnder de entomology ek de stúdzje nei oar lyts wrimelt beflapt, lykas spineftigen, tûzenpoatigen, wjirms en slakken. Yn ynformele konteksten kin de term 'entomology' noch altyd wol op datsoarte fan bisten fan tapassing wêze.

Der binne sa'n 1,3 miljoen ynsektesoarten wittenskiplik beskreaun, en der besteane nei alle gedachten noch folle mear. Dêrmei meitsje ynsekten twatrêde part fan alle bekende libbene organismen út. Se datearje fan likernôch 400 miljoen jier tebek, en hawwe yn dy lange tiid in tige komplekse ynteraksje en soms gearwurking ûntwikkele mei oare organismen, wêrûnder de minske. Wichtige ûndersyksmêden yn 'e moderne entomology binne û.m. molekulêre erflikheid, hâlden en dragen, biomeganika, biogemy, fysiology, groei en differinsjaasje, ekology, morfology, paleöntology, lânbou en fiedingswearde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.