Springe nei ynhâld

Rekreaasje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 aug 2015 om 12.17 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nedige side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Rekreaasje is in foarm fan frijetiidsbesteging wêrby't ûntspanning en ferdivedaasje sintraal steane. De needsaak om te rekreëarjen is in essinsjeel elemint fan 'e minsklike biology en psychology. De term 'rekreaasje' komt fan it Latynske re ("wer") en creare ("skeppe"), en betsjut dus letterlik "werskepping". By rekreaasje tinkt men yn 'e regel oan aktiviteiten bûtendoar, lykas reizgjen, sport, strân- of deitoerisme, it besykjen fan parken, dieretunen, ferdivedaasjeparken, ensfh. Mar dizze oantsjutting is likegoed fan tapassing as men jin mei in goed boek thús yn in noflike stoel deljout. Alles wêrby't men jin losskuort út 'e deistige rûtine fan wurkjen, iten en sliepen kin fierhinne as rekreaasje oantsjut wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.