Springe nei ynhâld

Paleöntology

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 mai 2015 om 15.52 troch Dexbot (oerlis | bydragen) (Removing Link GA template (handled by wikidata))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Paleöntology (Gryksk: παλεον (paleon): âld) is de wittenskip dy't him dwaande hâldt mei it bestudearjen fan de ûntwikkeling fan it libben op ús planeet yn it geologysk ferline en basearre op alle fossile resten of spoaren fan planten en dieren, (û.o. fan dinosauriërs). De paleöntology omfiemet krektsa it bestudearjen fan de ôfstamming en besibbens fan útstoarne soarten mei dat fan de tsjintwurdige organismen, harren libbensgebiet (paleömiljeu) en de gronology fan de geologyske skiednis fan de Ierde.

De paleöntology is in tige mearsidich en komplisearre eksakte wittenskip, dy't by de ierdwittenskippen heart.