Terbantsterskâns
Appearance
De Terbantsterskâns wie in skâns op it krúspunt fan de wegen It Hearrenfean-Ljouwert en De Jouwer-Tsjalbert. De skâns by Terbant waard oanlein im 1580 hinne doe't Fryslân frij wie en de Spanjerts noch yn Stienwyk leinen.
Op It Hearrenfean waard de strjitte 'De Skâns' fan de Hearresleat, lâns de Ljouwerterstrjitwei en dan rjochting Terbant rinnend, nei de skâns neamd. De grûn wêrop it eardere hotel Smit -no Sjineesk restaurant- stiet wie nei alle gedachten ûnderdiel fan de skâns.