Springe nei ynhâld

Dissidint

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 des 2014 om 17.22 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Dissidinten binne yndividuen of groepen dy't harren fersette tsjin de oerhearskjende opfettingen of beliedslinen op religieusk, polityk of sosjaal mêd.

De Ingelske term Dissenters waard brûkt as sammelnamme foar minsken waans religieuske opfettings ôfwieken fan de offisjele tsjerke yn har lân en dêrom faak beneftersteld en diskriminearre waarden.

De term waard lykwols wiidferneamd om minsken oan te tsjutten dy't harren fersetten tsjin de polityk fan totalitêr bestjoerde lannen, benammen yn it eardere eastblok (de Sovjet-Uny en satellytsteaten), sa as Andrej Sacharov, Andrej Amalrik, Aleksander Solzjenitsyn en Václav Havel. Dissidinten koenen te krijen hawwe mei lange straffen, ferballing as opname yn in psychiatryske ynrjochting.

Dissidinsje komt meast foar as ferset sûnder geweld. Militant optreden komt foar, mar faak giet it dan om guerrilla as sels terrorisme.