Ekologyske ferbiningssône
In ekologyske ferbiningssône (EFS) is in ferbining tusken natoergebieten (mei 'nije' of ophelle natoer). Ekologyske ferbiningssônes wurden oanlein om it migrearjen fan (isolearre rekke) bisten en planten tusken natoergebieten mooglik te meitsjen. Dit makket it útwikselen fan genen mûglik, wat liede moat ta sûnere populaasjes.
Ekologysk belang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libbensmienskippen reitsje tsjintwurdich nochalris isolearre troch libbensgebiettesnipeling: diken, bebouwing en yntensive lânbousônes trochbrekke it gaadlik wengebiet. It is normaal dat de omstannichheden yn in libbensmienskip net hieltyd en oeral gelyk binne. At in populaasje yn in minne perioade efterút giet, kinne eltse libbensmienskip op himsels te lyts wurde om fuort te bestean. Dan soe it organisme ferdwine kinne. Troch libbensgebieten fan organsmen mei elkoar te ferbinen kin it draachflak foar it fuortbestean fan in beskate soart grutter wurde.
Oare belangen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oanlis fan ekologyske ferbiningssônes kin ek oare belangen tsjinje. De oanlis fan reidlân en ûndjipten lâns marren, rivieren en fearten kin it wetter skjinner meitsje en jout fisk in gaadlik plak om te ridzjen. Ek wurde sokke gebieten ynrjochte as leitegebiet sadat se in beskermjende wurking hawwe foar de diken derefter.
Natuerlike ferbiningssônes yn besprek jûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As neidielen fan EFS wurde wol neamd:
- Interferinsje mei besteande of winsklike misklike aktiviteiten. Foarbylden:
- Kosten foar ynfrastruktuer as wyldfiadukten.
- Fersprieding fan sykten en parasiten troch bisten dy't migrearje fia EFS's. Foarbylden hjirfan binne:
- it tanimmen fan tiken dy't dragers binne fan de Sykte fan Lyme (fia komplekse ekology fan harten en kjifdieren)
- ferbiningssônes foar dassen kinne fersprieding fan tuberkuloaze fan gefolgen hawwe
- migraasje by foksen kin hûnsdûmens ferspriede.
Realisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]EFS's kinne op alderhanne wizen realisearre wurde. It binne seamen mei poelen by in feart del (b.g. Drait), brede gersrânen dêr't in útsoartich meanrezjym foar jildt. Ek binne der fiskpassaazjes en dykoanpassings om risiko's foar oerstekkend wyld te beheinen.
Wat ek spilet is dat wat foar de iene soarte in ferbiningssône is, foar in oare soarte in barriêre wêze kin.
Planologysk lizze EFS's fêst yn in Ekologyske haadstruktueren.
Eleminten fan in ekologyske ferbiningssône
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ekologyske ferbiningssône kin de neikommende eleminten befetsje:
- It ekodukt
- In breed begroeid fiadukt dêr't grut wyld feilich diken, benammen sneldiken, oerstekke kin.
- De fisktrep
- In oanpassing, fral by slûzen en yn diken, dat fisk dy hindernissen nimme kin.
- De wyldtrep
- In opgong dy't it bisten mooglik makket om by de wâl op te kommen en sa kanalen oer swimme te kinnen.