Springe nei ynhâld

Talisman

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 okt 2010 om 21.37 troch Drewes (oerlis | bydragen) (yw)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In talisman is in foarwerp yn de foarm fan, of mei in ôfbylding fan in libbene figuer, god, minske of bist. Troch de sjamaan dy't de talisman makke hat, is in ritueel útfierd om de talisman krêft te jaan. Guon talismans hawwe de krêft kwea tsjin te hâlden, mar fral hawwe talismans de krêft goed ta stân te bringen. De krêft is lykwols beheind, hy wurket net as de talisman net op it lichem droegen wurdt.

De krêft fan de talisman is grutter as dy fan in amulet, mar net sa grut as dy fan in fetisj. De krêft fan in talisman is almeast ferbûn mei dejinge of itjinge dat ôfbylde is. It is lykwols gjin toatem; de talisman is net it wenplak fan in ôfbylde geast. Talismans komme fral foar by fetisjisme yn natoerreligys, mar ek yn oare godstsjinsten wurde, safier't se it meitsjen fan ôfbylden tastean, faak bygelyks munten mei hilligenôfbyldingen droegen.

It wurd talisman komt fia it Arabyske tilsam, magysk foarwerp, fan it Grykske telesma, it mystearje tawijd. Dat, al kin in talisman in minskestal hawwe, it is gjin talis-man, en it meartal is net talis-lju.