Springe nei ynhâld

Taalwiksel

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 jun 2005 om 00.59 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Dat se út it Westgermaansk ûnstean binne is wis, nim ik oan.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Taalwiksel is it oergean fan sprekkers op in oare taal. Dat is yn it algemien in gefolch fan frjemde oerhearsking. De oarspronklike taal wurdt dan substraattaal en de nije taal superstraattaal.

Taalwiksel kin liede ta taalferoaring yn de nije taal. Bart dat pleatslik, dan kin sa in nije taal ûntstean. Mûglik binne Heechdútsk, Ingelsk en Frysk sa ûntstien út it Westgermaansk.