Historisch Tijdschrift Fryslân
It Histoarysk tydskrift Fryslân is in skiednismagazine fan it Keninklik Frysk Genoatskip, útjûn troch Van der Let & Partners, dat om de twa moanne ferskynt.
It Keninklik Frysk genoatskip is in feriening foar eltsenien mei belangstelling foar de skiednis en kultuer fan Fryslân. It jout neist Histoarysk Tydskrift Fryslân ek it wittenskiplik jierboek De Vrije Fries út en organisearret ferskate aktiviteiten op histoarysk mêd, lykas ekskurzjes, lêzingen en symposia.
De redaksje fan it tydskrift bestiet yn 2024 út Marijke de Boer, Kerst Huisman, Herman Broers, Doeke Sijens, Henny Tuinhout-de Leeuw en Jan van Zijverden.
Elke útjefte hat in tema út de Fryske skiednis, dat yn in rige artikels útdjippe wurdt troch histoarisy. Neist ferhalen ek in soad bylden en ûnderwerpen dy't in relaasje hawwe mei it hjoed. Elk nûmer hat in fêste opbou:
- In tema dat yn fiif artikels yn histoarysk besef setten wurdt;
- Fiif rubriken mei ferskate ynhâld;
- Fjouwer siden fol mei histoarysk nijs;
- In aginda;
- Oersjoch fan nije publikaasjes op it mêd fan de Fryske skiednis;
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |