Springe nei ynhâld

Golf fan Egina

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mrt 2024 om 15.26 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (bettere ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Golf fan Egina
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken de Grykske skier-
   eilannen Argoalis en Attika
lân Grikelân
koördinaten 37°42′ N, 23°36′ E
ûnderdiel fan Myrtoaanske See
sifers
maks. lingte 80 km
maks. breedte 48 km
oerflak 2.600 km²
djipste punt 300 m
In satellytfoto fan 'e Golf fan Egina.

De Golf fan Egina (Gryksk: Σαρωνικός κόλπος, Saronikós Kólpos), ek wol de Saroanyske Golf neamd, is in part fan 'e Myrtoaanske See (en sadwaande fan 'e gruttere Egeyske See), dy't tusken de Grykske skiereilannen Argoalis en Attika yn leit.

De namme is ôflaat fan Saron, in mytyske kening fan 'e stêd Troizen; de Nederlânske benamming Golf van Saronikos, dy’t somtiids brûkt wurdt, is taalkundich fout, want it Grykske eigenskipswurd saronikós betsjut Saroanysk, (d.i. fan Saron).

Om't de stêd Atene en de yndustriële sônes fan Elefsina, Salamis en Korinte har ôffalwetter yn see rinne litte, binne fral de noardeastlike kusten fan de Golf slim fersmoarge. De súdwestlike kusten binne yn ferhâlding net sa oandien.

Ferspraat oer de Golf lizze ferskate eilannen (de saneamde Saroanyske Eilannen), dêr’t Salamis (96 km²), Egina (87,41 km²), en Poros (49,5 km²) de grutsten fan binne.